Gasflesse yn brân yn Waskemar

08 maaie 2011 - 15:17

Yn Waskemar is yn de nacht fan sneon op snein in gasflesse yn brân stutsen. De flesse stie yn in skaftkeet dy't brûkt wie by it wurk yn de Alde Wyk. In tsjûge seach dat der brân wie en warskôge de helptsjinsten.

De bergromte fan 'e keet wie iepen brutsen en de lieding fan 'e gasflesse wie stikken makke. It gas dat der út kaam, wie yn brân stutsen. De brânwacht hat it fjoer útmakke. Yn deselde omjouwing wie ek noch in mobyl húske omsmiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)