Gasfabryk mooglik ferkocht

23 aug 2007 - 06:49

Wenningboukorporaasje Optimaal keapet mooglik it âlde gasfabryk oan de Sjaerdemastrjitte yn Frjentsjer. Der binne al hiel lang plannen om op it plak nijbou del te setten. Der soene twa supermerken en wenten komme.

In rûzje tusken de projektûntwikkelers Burggraaff en Klaver sette lykwols in streek troch de nijbouplannen. Op dit stuit lizze de gebouwen der fertutearze by, mar dat sil feroarje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)