Gasdrukpistoal yn kofferbak

25 feb 2009 - 10:26

De plysje hat tiisdeitenacht in 21-jierrige ynwenner fan Surhústerfean oanholden. Hy wurdt fertocht fan ferbean wapenbesit. By in kontrôle op de Haskerútgong op It Hearrenfean waard de auto fan de man kontrolearre.

Yn de kofferbak lei in gasdrukpistoal. Dat waard yn beslach nommen, de man moast mei nei it buro. By fûllearjen die bliken dat de man ek noch twa pûdsjes softdrugs by him hie. Hy krige in proses-ferbaal en mocht doe wer nei hûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)