Gasboarring Skylge mei pas nei ynspraak bewenners

14 apr 2015 - 17:06

It regear mei pas in beslút nimme oer gasboarrings bynoarden Skylge as de miening fan de eilânbewenners, de gemeente en de provinsje Fryslân dúdlik heard is. Dat hat de Twadde Keamer tiisdeitemiddei besletten.

Alle fraksjes stimden foar de moasje fan PvdA-Keamerlid Lutz Jacobi fan PvdA en Aukje de Vries fan de VVD. Se wolle dat it regear net samar tastimming jout oan enerzjyberiuw Tulip Oil om by Skylge nei gas te boarjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)