Garypster jeugd foar rjochter

30 jan 2007 - 10:38

Seis jongeren út Garyp moatte foar de rjochter ferskine foar fernieling en stellerij op Aldjiersjûn. Se binne tusken de 18 en 21 jier. Twa oare jongeren, fan 15 en 16 jier, krije in alternative straf.

De groep soe in glêsbak en in rioelput fernield hawwe. Fierder waarden bannen, pallets, lânbouplastic en in brânblusser stellen. It spul bedarre op twa brânbulten. Der is foar fiiftûzen euro skea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)