Garyp krijt starterswenten om krimp tsjin te gean

08 feb 2016 - 10:41
  • De pleats, hjir noch by de ferbouwings

Om krimp yn it doarp Garyp tsjin te gean, wurdt in âlde pleats ferboud ta sân betelbere wenningen. Der moatte jonge starters yn te wenjen komme, mar it kinne ek senioarewenningen wurde. Dy binne noch lang net klear, mar fjouwer fan de sân wenningen binne al ferkocht. Sa wol oannimmer Timmermans it doarp leefber hâlde yn tiden fan krimp.

Gjin subsydzje

Maklik is it net foar de ûndernimmer. Hy hie tocht dat er wol subsydzje fan de provinsje krije koe foar dit projekt. De pleats is in ryksmonumint. Goedkeape starterswenningen binne in probaat middel tsjin de krimp. En nije ynwenners soargje derfoar dat Garyp leefber bliuwt, seit er. Mar de wurksumheden passe net yn de regels fan de provinsje. "Dan moast ik de boel platsmite. En dat wie no krekt de bedoeling net."

Gariper fan it jier

It doarp is tige wiis mei Timmermans. Yn 2014 waard er noch keazen ta 'Gariper fan it jier.' "Hy jout de minsken yn it doarp it gefoel dat se wer meidogge", sei Gjalt Faber fan de doarpskrante dêr doe oer. Timmermans hie syn eigen hûs en bedriuwspân omruile mei de eigener fan it âld molkfabryk. Dat die er omdat er de minne steat fan it gebou net oansjen koe. Hy hat der no soarchwenningen yn boud. En der sit in húsdokter, in apoteek, in fysioterapeut, in pedikuere, in pjutteboartersplak en in berne-opfang. 

Starters lûke

Der wenje no benammen âlderen yn it âld molkfabryk. Dêrom is it moai dat der yn de pleats starters telâne kinne, seit Hendrik Raap fan it doarpsbelang. "Al ha ik gjin sifers by de hân, it wenningoanbod yn it doarp is net grut. En ús eigen bern moatte ek in plakje ha" seit er.

Foar it wurk dat Timmermans sels net dwaan kin, lit er as it heal kin in ûndernimmer út Garyp komme. Bygelyks foar de elektra. "Miskien is it byinoar in dûbeltsje goedkeaper, mar dit is goed foar it draachflak yn it doarp." 

It wurk oan de pleats is noch lang net dien, mar Timmermans hat alwer in nij projekt op it each. "Garyp is no hast wol klear."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)