Garnalefiskers lulk op kollega

08 maaie 2011 - 10:09

Noardlike garnalefiskers binne lulk op in kollega út Wieringen. Dy giet troch mei it fiskjen op garnalen, wylst ôfpraat is dat de fiskers foarearst it wetter net opgean. Doel is sa de garnalepriis omheech te krijen.

De fisker út Wieringen seit dat er gjin kar hat. Hij leveret net oan de gruthannel, mar ferkeapet de garnalen yn syn eigen saak. Dy soe oars stikken gean. Ferline jier rûn it op in skeel út. Doe waard in kear benzine oer de fangst fan de Wieringer getten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)