Garnalefiskers farre net út

07 maaie 2011 - 15:42
  • De garnalefloat leit wurkleas oan de steger

De garnalefiskers fiskje ek takom wike net op garnalen. Se lizze no twa wiken foar de wâl omdat de prizen te leech binne om foar te fiskjen. Nei twa wiken soe op 'e nij besjoen wurde oft de situaasje al wat ferbettere is.

Se wiene en binne ree om fjouwer wiken net te fiskjen. De prizen binne no wol wat omheech gien. Sa wurdt no 2,25 euro de kilo oanbean troch de hannel. De fiskers wolle lykwols trije euro de kilo. Dy priis sizze se nedich te hawwen om kostedekkend te wurkjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)