Garnaledoppen ynsette foar bestriding fan skimmels op it lân

09 mrt 2016 - 15:17
  • Garnalen hjir noch yn de dop

Der komt in grut ûndersyk nei it brûken fan garnaledoppen by de bestriding fan skimmels yn ierappels en blombollen. Dat ûndersyk wurdt dien by proefbuorkerijen yn 'e Kollumerwaard en yn Noard-Hollân. Yn garnaleskalen sitte stoffen dy't de natuerlike wjerstân en fruchtberens fan planten en grûn ferbetterje. Dêrtroch nimt de kâns op sykten ôf. Dat hat de Wageningen Universiteit ûntdutsen. 

De test op beide proefbuorkerijen duorret fjouwer jier. Dêrnjonken binne der ek tests by bouboeren yn it Waadgebiet.

Yn de proefperioade wurdt it effekt fan garnaleomhulsels as bestridingsmiddel op klaai- en sângrûn útprobearre. It ûndersyk wurdt dien ûnder rezjy fan de stichting Greenport Noord-Holland Noord. Mei-elkoar is der 640.000 euro nedich. It Waadfûns betellet 450.000 euro mei oan de kosten. Hieltyd mear garnalen wurde mei de masine peld. Dêrtroch binne yn Noard-Nederlân ek hieltyd mear 'garnaledoppen' beskikber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)