Garcia nije oanwinst Hearrenfean

21 apr 2006 - 14:02

Sportklub Hearrenfean hat Gonzalo Garcia-Garcia fan AGOVV definityf oanlutsen. Earder wie al bekend dat Hearrenfean ynteresse hie. Gonzalo komt út Uruguay, mar hat in Spaansk paspoart.

De 22-jierrige spits spile by de jeugd fan Real Madrid en kaam ôfrûne simmer yn Nederlân by AGOVV. Yn 37 wedstriden skoarde er 16 goals. Garcia-Garcia is op meardere plakken yn de oanfal ynsetber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)