Garantstelling foar Cambuur

09 des 2010 - 08:55

Fuotbalklup Cambuur liket rêden. De gemeente Ljouwert hat bekendmakke de kommende jierren garant te stean, sadat de fuotbalklup in liening ôfslute kin. It giet om in gemeentlik bedrach 7,5 ton, ferdield oer fiif jier.

Betingst fan de gemeente is dat de rie fan kommissarissen foar 1 jannewaris opstapt en syn lieningen oan de fuotbalklup omset yn in sponsorkontrakt. De gemeente wol in sit yn de nije rie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)