Garaazje Oldehove skoart goed

20 okt 2009 - 22:09
  • Der is genoch romte; foar grut én lyts
  • ANWB: 'in moaie romme garaazje'

Parkeargaraazje De Oldehove yn Ljouwert is de op ien nei beste garaazje neffens in test fan de ANWB. Der waard ûnder oare sjoen nei berikberens, de romte om te parkearen, ferljochting en tariven.

De ANWB is oer it generaal min te sprekken oer de garaazjes: der binne tefolle smelle parkearplakken, pilaren steane yn it paad en der binne fierstente min parkearplakken foar rolstoelbrûkers. In tredde fan de parkeargaraazjes krijt in ûnfoldwaande.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)