Garaazje ôfbaarnd yn Drachten

16 aug 2014 - 09:48

By in brân oan de Dollard yn Drachten is freedtenacht in garaazje ferlern gien. It neistlizzende hûs rûn skea op. Hoe't de brân ûntstean koe wurdt noch ûndersocht. De brânwacht fan Drachten hie it fjoer gau ûnder kontrôle, mar koe net foarkomme dat de houten garaazje folslein ferlern gie. Ek de auto dy't yn de garaazje stie, wie net mear te rêden.

Der wie aardich wat reekûntwikkeling. De brânwacht hat in gasflesse út it hok helle om ûntploffing foar te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)