Garaazje moat sakje foar grien

06 nov 2007 - 22:59
  • De parkeargaraazje moat fierder de grûn yn

De folsleine parkeargaraazje ûnder it Saailân yn Ljouwert moat fierder de grûn yn om plak te meitsjen foar beammen. De garaazje wurdt 96 sentimeter fierder útgroeven sadat der genôch grûn op kin dêr't beammen yn groei kinne.

Mei de nijbou fan it Fries Museum, wurde ek de garaazje en de ynrjochting fan it plein oanpakt. De gemeenteried hat earder oanjûn dat se graach wolle dat it nije plein 'grien' wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)