Gaos by brânwacht oanpakke

25 jun 2002 - 00:00

By de brânwacht op It Hearrenfean is al in skoft gaos. Minne lieding, efterstân yn it wurk, ûndúdlike taakferdieling en gjin kommunikaasje. In ekstern buro sette de misstannen op in rychje.

In ynterim-kommandant moat de problemen oplosse. By de brânwacht wurkje seis minsken en der binne 75 frijwilligers. De ynterim-kommandant krijt acht moannen de tiid om de saak op te lossen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)