Gangsterduo Antonio van der P. en Enise B. foar de rjochter

02 mrt 2015 - 09:32
  • Profyltekening Antonio Marcos van der P. en Enise Merve B.
  • De rjochtbank yn Assen

It gangsterduo Antonio van der P. en Enise B. stiet moandei foar de rjochter yn Assen. It duo wurdt fertocht fan in rôftocht yn it noarden en it easten fan Nederlân, mei ôfparsing, bedriging, stellerij mei geweld, besykjen ta deaslach en moard. Se waarden nei in klopjacht oppakt yn Dútslân. Yn de media waard it duo al gau de Nederlânske Bonnie en Clyde neamd.

De rjochtsaak soe om 9.30 oere begjinne en der binne fiif dagen foar útlutsen. Fanwege ferfiersproblemen fan ien fan de fertochten begjint de saak pas om tolve oere.

De rôftocht begûn op 10 febrewaris yn it Drintske De Wolden dêr't it duo in 33-jierrige man bedrige en syn auto meinamen. It slachtoffer moast yn de kofferbak sitten gean, mar hy wist te ûntkommen. In dei letter waard yn Meppel in 52-jierrige frou yn har hûs berôve en delstutsen. It slachtoffer oerlibbe it mar krekt.

Op 18 febrewaris dûkten de twa fertochten op yn Lage Mierde yn Brabân. Se soene ynbrekke, mar dat rûn folslein út de hân doe't se trappearre waarden. Mei-elkoar waarden fjouwer persoanen gizele en mishannele troch Antonio en Enise. Dat duorre fjouwer oeren.

It folgjende plak dêr't it duo tasloech wie in kemping by Enschede. Se brutsen yn by ferskate kerrevens en waarden ûntdutsen troch fjouwer behearders. Der ûntstie in wrakseling wêrby't ien fan de behearders yn 'e búk sketten waard. Dêrnei naam it duo in frou mei har beppesizzers yn gizeling yn in boerepleats tichtby de kemping. De beppe waard slein en fêstbûn. De dochter en skoansoan, dy't de bern ophelje soene, waarden ek fêstbûn. De gizeling duorre seis oeren. De fertochten twongen de skoansoan om harren nei Dútslân te bringen.

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust folget de saak de hiele dei en docht ferslach op Twitter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)