Gamemaraton fan basisskoalbern Stiens foar flechtlingen

22 okt 2015 - 19:30

Learlingen fan de basisskoalle De Twilling yn Stiens game tongersdei tolve oeren achter elkoar om jild op te heljen foar flechtlingen. De learlingen Jesper en Jarno út ien fan de klassen fan de skoalle kamen mei it idee dit te organisearjen. Troch sponsors wurdt der jild ophelle.

De learlingen ha mei de aksje yn totaal 700 euro ophelle. Mei it jild wolle se boartersguod foar flechtlingebern keapje. Mei help fan direkteur Einar Ydema is it projekt binnen trije wiken op poaten set.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)