Gambiaan al twa dagen fuort

15 des 2011 - 16:52

Wer is Samuel Charley. Mei dy fraach rint Bonne Bergsma fan Burgum no al twa dagen om. De Gambiaan Charley wie op besite by Bergsma. Tiisdei gie hy te rinnen, mar kaam net werom. Sûnt dy tiid is der hielendal neat mear fan him fernaam. De ferdwining is ien grut riedsel.

Samuel Charley is 40 jier en komt út Gambia. Bergsma docht ûntwikkelingswurk yn Afrika en sa no en dan noeget er in Gambiaan út om sjen te litten hoe't it der yn Nederlân oan ta giet. It wol Bonne Bergsma net oan dat de man útnaaid is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)