Gama Bomb net nei Ljouwert

05 aug 2011 - 15:10

De Ierske band Gama Bomb spilet net op it festival Into the Grave yn Ljouwert. Ien fan de gitaristen hat de hân op ferskate plakken brutsen. Op de webside fan it metalfestival stiet dat er oan it stunten west hat mei in skateboard. Dêrtroch rekke er ferwûne. De organisaasje is drok dwaande in oare band te regeljen.

Into the Grave is op 13 augustus by de Aldehou yn it sintrum fan Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)