Galerijen Eikenflats ferfongen

01 nov 2012 - 23:00

De galerijen fan de Eikenflats yn de Ljouwerter wyk Heechterp-Skieringen wurde allegear ferfongen. Dat hat wenningkorporaasje Elkien bekendmakke. De ferfanging sil yn trije fazen útfierd wurde. De bewenners sille wilens de útfiering fan dat wurk ferhúzje moatte nei in saneamde wikselwenning. De bewenners fan de flats krije in fergoeding foar de oerlêst fan 560 euro en se krije in moanne bruto hier as kompensaasje.

It ferfangen fan de galerijen is needsaaklik, sa is oan it ljocht kommen nei it nei ûnderen kommen fan de galerijen fan de Antillenflat. It wurk oan de Eikenflats begjint april takom jier. Oktober 2014 moat it klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)