Galerijen Eikenflats ferfongen

24 okt 2012 - 08:15

Wenningkorporaasje Elkien sil de galerijen fan de Eikenflats yn Ljouwert neffens plan ferfange. De korporaasje sil boppedat ûnderhâld útfiere oan de bûtenkant fan de flats. Der komme gjin needgalerijen by de flats, om't dat net út te fieren is. Dat is ôfpraat mei de bewennerskommisje en hierdersplatfoarm Nieuw Elan.

De bewenners sille ûnder it wurk tydlik yn in oar hûs wenje. Yn juny waard bekend dat de galerijen net mear swier belêste wurde meie, omdat se net hiel sterk mear binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)