Galema wint yn Gryptsjerk

07 jul 2006 - 13:43

Fierljepper Ysbrand Galema fan It Heidenskip hat tongersdei mei in sprong fan 18.64 meter wûn yn Gryptsjerk. Dêrmei bleau er Bart Helmholt foar. Helmholt pakte ferline wike noch it Nederlânsk rekord, mar kaam no net fierder as 18.23 meter.

By de junioaren wûn Hannes Scherjon fan Noardburgum mei 18.49 meter. Alwin Fonk fan Burgum waard earste by de jonges. By de froulju wûn Janneke Noordmans fan Burgum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)