Galema tsjin kar Gaasterlân

03 okt 2008 - 12:54
  • Galema is foar de 'marrefariant'

As Gaasterlân-Sleat allinnich fusearje wol mei Lemsterlân en Skarsterlân, dan sil de provinsje dy weryndieling tsjinhâlde. Dat seit deputearre Galema. De provinsje hat gjin begryp foar de kar fan it kolleezje, dat net foar ien grutte Súdwesthoekegemeente is. In nije gemeente mei goed 90.000 ynwenners is fierste grut en net yn it belang fan Gaasterlân-Sleat, fine B. en W.

Galema is it perfoarst net iens mei de argumintaasje fan Gaasterlân-Sleat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)