Galema: 'Net wer pleagje'

12 apr 2007 - 21:45

De Flylanner bern dy't yn maart bern fan in Amsterdamske skoalle op it eilân narre ha, ha beloofd dat se soks tenei net wer dwaan sille. Se ha dat tasein yn in petear mei boargemaster Galema en de plysje.

De bern fan de Amsterdamske skoalle wiene in pear dagen op it eilân te gast en waarden doe bekûgele mei dinne-appels en takken. De skoalle naam de pleagerij heech op en die syn beklach yn in brief.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)