Galema: leare fan Boarnsterhim

22 feb 2011 - 21:28

Provinsje Fryslân kin in les lûke út de problematyk by de gemeente Boarnsterhim. Dat seit deputearre Sjoerd Galema.

Yn in rapport fan it Ministearje fan ynlânske saken stiet dat de provinsje te let yn de gaten hie dat it finansjeel net goed gie mei de gemeente. As de provinsje better tafersjoch hâlden hie, dan wiene de finansjele problemen mooglik earder boppe tafel kaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)