Galema: gjin weryndieling mear

15 feb 2011 - 17:21
  • Deputearre Sjoerd Galema

Deputearre Sjoerd Galema leit de portefúlje weryndieling del. Deputearre Tineke Schokker nimt dy foar de rest fan de perioade oer. Ferline wike ûntstie opnij reboelje oer Galema syn útspraken op kampanjebyienkomsten.

Dêrop lei de kommisje fan wizen dy't him yn opdracht fan provinsjale steaten oer de weryndieling bûgt, lilk it wurk del. Tiisdei melde de kommisje wer oan it wurk te gean no't Galema spyt hie en de portefúlje dellein hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)