Galema: 'gjin kiezersbedroch'

15 jun 2011 - 17:16

Sjoerd Galema fynt it gjin kiezersbedroch dat er binnen trije moannen nei de ferkiezings al ophâldt. De deputearre is it langstsittende lid yn de steaten. Hy hat syn partij, it CDA, tasein oant en mei de koalysje-ûnderhannelings te bliuwen. De útfiering fan it akkoart is moai op streek neffens Galema. Syn opfolger Sietske Poepjes kin sa oan de slach.

Galema is frege foar de funksje by FrieslandCampina. Hy hat der nocht oan en fynt it belangryk wurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)