Galema: 8 oant 11 gemeenten

18 des 2007 - 15:10
  • Deputearre Galema wol ta op gemeenten fan 60.000 oant 70.000 ynwenners

Fryslân moat binnen acht jier werom fan 31 nei 8 oant 11 gemeenten. Dat seit deputearre Sjoerd Galema. De provinsje wol ta op gemeenten mei sa'n 60.000 oant 70.000 ynwenners. Ien hele grutte provinsje foar de folsleine Súdwesthoeke sjocht Galema net sitten.

Neffens de provinsje stiet it bestjoer fan sa'n supergemeente te fier fan de ynwenners ôf. Ljouwert mei fan Galema wol groeie mar hoecht as haadstêd net de measte ynwenners te hawwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)