Galamadammen bêste FR-terras

08 jul 2014 - 07:14
  • It terras by Galamadammen is it bêste Fryske terras

It terras by Galamadammen yn Koudum is as sechsde einige yn de top 100 fan bêste Nederlânske terrassen. Galamadammen is dêrmei it bêste Fryske terras. De sjuery is tige te sprekken oer benammen de betsjinning. 'Wat een toppers hebben ze hier tussen de tafels lopen', stiet yn it sjueryrapport te lêzen.

De winner fan 2014 waard terras Wollebrand in Honselersdijk. De top 100 wurdt alle jierren makke troch Misset Horeca. It terras fan De Walrus yn Snits is op it fjirtjinde plak einige.

De folsleine list stiet op de webside fan Misset Horeca.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)