Galama wint fierljeppen op 'e Jouwer, Thomas Helmholt sterk

28 jun 2015 - 12:44

Oane Galama hat it fierljeppen sneon op 'e Jouwer wûn mei in sprong fan 19.69. Meast opfallende prestaasje kaam op namme fan Thomas Helmholt. De Burgumer is krektlyn út de Topklasse degradearre nei de A-klasse, mar kaam as iennige twa kear oer de 19 meter (19.14 en 19.25). It levere him sulver op. Thewis Hobma waard tredde (18.97).

By de junioaren gie de winst yn de finale nei Jan Teade Nauta (18.32). Marrit van der Wal bleau superieur by de froulju (15.12).

Maureen Poiesz wûn by de famkes, Gerard Hooisma (16.73) by de jonges foar Wietse Nauta (16.44).

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)