Galama ûnttroanet Helmholt

13 jul 2013 - 22:47
  • Oane Galama

Oane Galama hat sneon de keningsljepperij fan Burgum op syn namme skreaun. Yn de finale wie in sprong fan 19.67 genôch foar de titel. Dy oare Galama, Ysbrand, sprong it fierst yn Burgum: 19.98. Dat die hy yn de foarronde, mar by it keningsljeppen telle dy resultaten yn de finale net mear mei. Bart Helmholt, ferline jier noch winner, helle de finale ferrassend genôch net. Mei 18.48 yn de foarronde kaam hy tekoart. By de jonges gie de titel nei Bobby Zwaagman mei 17.73. Hillianne van der Wal waard keninginne mei in sprong fan 15.30.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)