Galama kampioen mêstklimmen

03 jul 2011 - 15:40
  • Oane Galama (foto: Martin de Jong)
  • It mêstklimmen yn Akkrum (foto: Jelle Roorda)

Fierljepper Oane Galama fan It Heidenskip is sneon yn Akkrum kampioen wurden op it Iepen Frysk Kampioenskip mêstklimmen. Galama dy't al in skoft blessearre is, wie mei 8.02 sekonden in hûnderste fan in tel rapper yn de skûtsjemêst as Cornelis de Bruijn út Lopik. De Bruijn wie foar Hollân dy middeis noch dielnimmer yn de fierljeptwakamp yn Gryptsjerk.

Oane Galama is dit jier ophâlden mei fierljepwedstriden fanwege in rêchblessuere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)