Galama ferrassend ljepkampioen

25 aug 2012 - 17:27

Oane Galama fan It Heidenskip is sneon mei in sprong fan 20,63 meter yn Drylts ferrassend Nederlânsk kampioen fierljeppen wurden. Hy ferbettere mei de winnende sprong syn persoanlik rekôr mei krapoan 60 sentimeter. Galama hat der in skoft út west fanwege in hernia, mar is ferrassend weromkaam. Bart Helmholt waard twadde mei 20.56. Theo van Kooten, 44 jier út Haastrecht, waard mei 20.31 tredde.

De Fryske toppers Thewis Hobma en Ysbrand Galama, mar ek Jaco de Groot fan Hollân, hellen de finale net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)