Galama en Helmholt: 13e winst

28 jul 2010 - 22:22

Bart Helmholt en Hiske Galama ha woansdeitejûn foar de trettjinde kear dit seizoen in deititel wûn. Yn Drylts ljepte Helmholt in syn earste sprong nei 19.98. Op dy ôfstân bieten al syn konkurrinten harren stikken. Hiske Galama die by de froulju yn har twadde sprong eins itselde. Har 14.23 soe net mear ferbettere wurde.

Nard Brandsma pakte mei oermacht (18.97) de winst by de junioaren. Age Hulder, de revelaasje by de jonges, wûn ek wer. Syn fierste sprong: 17.63.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)