Gaasterlân ûnder tafersjoch

14 des 2005 - 12:13

De gemeente Gaasterlân-Sleat stiet it takom jier ûnder finansjeel tafersjoch fan de provinsje. De gemeente hat foar 2006 gjin slutende mearjierrebegrutting by de provinsje ynlevere. It gefolch fan it finansjeel tafersjoch is dat de riedsbesluten mei finansjele gefolgen foar de gemeente goedkard wurde moatte troch Deputearre Steaten.

It tekoart fan Gaasterlân-Sleat beslacht in pear ton, neffens deputearre Jan Ploeg.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)