Gaasterlân-Sleat moat oanslute

23 sep 2008 - 09:58
  • Kaart fan 'e grutte nije fúzje-gemeente

Gaasterlân-Sleat moat him oanslute by de fúzje fan fiif gemeenten yn de Súdwestehoeke. As de gemeente dêr net foar kiest makket se in histoarysk fersin. Dat seit deputearre Sjoerd Galema. Hy reagearret op it advys dat ynformateur Bruins Slot moandei presentearre hat. Neffens him is in fúzje fan seis gemeenten helber.

Gaasterlân-Sleat nimt 14 oktober in beslút. De gemeente is ek noch dwaande mei in ûndersyk nei in fúzje mei de gemeenten Lemsterlân en Skarsterlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)