Gaasterlân-Sleat keapet Treemter

15 jan 2005 - 16:33

Sealesintrum de Treemter yn Balk komt yn hannen fan de gemeente. B & W wolle De Treemter oankeapje foar goed 340.000 euro. Dêrmei wurdt de wei frijmakke foar it bouwen fan in folslein nij sealesintrum.

De belangstelling foar de Treemter rint de lêste tiid bot werom. It is in gebou út de jierren '60, mei foarsjennings dy't net mear by de tiid binne. Op dit stuit is it sealesintrum yn hannen fan in projektûntwikkelder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)