Gaasterlân net iens mei COA

21 okt 2000 - 18:53

De Gemeente Gaasterlân-Sleat is min te sprekken oer de komst fan in AZC yn Balk. De gemeente hie twa opsjes oanjûn wêr't in asylsikerssintrum komme koe. It COA wol fan dizze twa opsjes neat witte.

Ien fan de twa opsjes wie njonken it fuotbalfjild yn Balk. It stik moat dan troch it COA kocht wurde fan partikulieren. It COA wol lykwols nei Rûgehuzen nei in stik grûn fan 'e gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)