Gaasterlân krijt wer Wyldemerk

16 mrt 2003 - 00:00

It kultuerkistoaryske evenemint De Wyldemerk wurdt de kommende simmer wer nij libben ynblaasd. De Stifting Wyldemerk sil ein augustus wer sa'n feest hâlde op krekt itselde plak dêr't it yn 1348 ek al hâlden waard. Dy lokaasje is Kippenburch oan de Luts.

De Wyldemerk is in soarte fan jiermerk mei streekprodukten mar ek mei teater, troubadours, ferhalefertellers, muzyk en hynstesport. De provinsje en de gemeente Gaasterlân-Sleat jouwe stipe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)