Gaasterlân finansjeel wer sûn

25 maaie 2007 - 15:54

De gemeente Gaasterlân-Sleat hat wer in slutende begrutting. Dat is foar it earst sûnt twa jier. De ôfrûne jierren stie Gaasterlân-Sleat ûnder finansjeel tafersjoch fan de provinsje. Dat hâldt yn dat se sels gjin finansjele beslissingen nimmen meie.

Troch fikse besunigings de ôfrûne jierren is it no slagge de begrutting wer op oarder te krijen. In wurdfierder tinkt dat de gemeente yn 2009 wer jild oerhâlde sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)