G-kuorbalteam siket jildsjitters foar Special Olympics

07 nov 2015 - 15:47
  • Kuorbal

It G-kuorbalteam fan KV Oerterp siket sponsors dy't de G-kuorballers stypje wolle om takom jier nei de Special Olympics yn Nijmegen te kinnen. De groep kuorballers wurdt hieltyd grutter. It team hat no tweintich dielnimmers.

Foar it ferfier nei en it ferbliuw yn Nijmegen siket it team noch sponsors. Dêr sliepe dielnimmers yn tinten, mar dat is foar guon net geskikt. Dêrom siket KV Oerterp in oernachtingsplak. Dêr binne kosten oan ferbûn. Sponsors kinne maile nei g-korfbal@kvoer

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)