Fyzje takomst fiskerij nedich

26 mrt 2014 - 11:09
  • De Fiskerijhaven yn Harns

De provinsje moat in nije fyzje ûntwikkelje op de takomst fan de fiskerij oan de Fryske kust en ek mear dwaan om duorsume alternativen te ûntwikkeljen. Dat fynt fraksjefoarsitter Anja Haga fan de ChristenUnie yn provinsjale steaten. Sy komt woansdei mei in amendemint hjiroer yn de gearkomste fan de steaten. Ien fan dy duorsume alternativen soe in saneamde seebuorkerij wêze. Dat betsjut dat der seewier ferboud wurdt, yn seewier sit in soad aaiwiten en út it ôffal kin enerzjy opwekt wurde. Fiskers soene dat eventueel as twadde tak dwaan kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)