Fytsûndersyk yn Ljouwert

03 jun 2008 - 15:13

De gemeente Ljouwert wol ûndersykje oft de stêd oantreklik is foar fytsers. Tegearre mei it Fytsersbûn wurdt dêr ûndersyk nei dien. Leden fan it Fytsersbûn ride fan tongersdei ôf de hiele gemeente troch mei mei kompjûterapparatuer, in mikrofoan en in kamera op 'e fyts. Dêrmei kin sjoen wurde wat de sterke en swakke kanten fan Ljouwert binne foar fytsers.

Yn 2002 wie der ek al sa'n ûndersyk. De gemeente wol witte oft de stêd sûnt dy tiid oantrekliker wurden is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)