Fytstunnel tusken Feanwâlden en De Westereen ferdwynt

16 apr 2016 - 19:28
  • Feanwâlden

De gemeente Dantumadiel wol ôf fan de fytstunnel tusken Feanwâlden en De Westereen. Reden is de sosjale ûnfeilichheid fan de tunnel, de bocht dy't der yn sit en de hege ûnderhâldskosten. De provinsje woe oant no ta net meiwurkje oan dit plan, mar der leit no dochs in mûnlinge oerienkomst oer it fuortheljen fan de fytstunnel. De frijkommende grûn kin ferkocht wurde oan omlizzende bedriuwen. Fytsers moatte tenei oer it fiadukt, dat is wat langer, mar ek feiliger.

De gemeenteried nimt ein april in beslút oer de fytstunnel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)