Fytstunnel by de Skrâns

05 sep 2014 - 17:31

Der moat in fytstunnel komme ûnder it spoar by de Skrâns yn Ljouwert. Dat wol de fraksje fan PAL GrienLinks yn de haadstêd. Fan 2017 ôf ride der ekstra treinen tusken Ljouwert en Grins. ProRail stelt dêrom 12 miljoen euro beskikber om spoarwei-oergongen feiliger te meitsjen.

Neffens PAL GrienLinks is dit in unike kâns om sa'n tunnel oan te lizzen. Alle dagen passearje hjir 17.000 fytsers en de rûte is dêrmei de drokste fan Fryslân. Berekkenings litte sjen dat in spoartunnel minder kostje sil as de 18 miljoen dêr't earder oer praat is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)