Fytstunnel by Aldeholtpea

26 jun 2003 - 00:00

Provinsjale Steaten ha woansdeitejûn dochs ynstimd mei in fytstunnel by Aldeholtpea. Foarsitter Van het Ende fan Pleatslik Belang Aldeholtpea is bliid dat der yn elts gefal mei faasje wat dien wurdt oan de ûnfeilige situaasje op de Stellingenwei.

Op in ferkiezingsgearkomste dit jier seine alle listlûkers noch ta dat der gjin tunnel komme soe, mar in rotonde. Dat is ek de oplossing dy't in soad ynwenners leaver ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)