Fytstocht troch Kollumerlân

04 maaie 2008 - 09:31

Kollumerlân docht mei oan Meimaand Fietsmaand, ien fan de grutste lânlike fytseveneminten. Takom freed wurdt yn Feankleaster ien fan de 350 fytsrûtes presinteard dy't yn it ramt fan dizze Meimaand Fietsmaand fytst wurde kinne.

De rûte troch Kollumerlân is in net hielendal nij. It is basearre op in tocht dy't yn 1877 makke waard troch de Kollumer notaris Andreae. De tocht komt ûnder oaren troch Kollum, Bûtenpost, Boerum en Feankleaster.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)