Fytstocht trasee sintrale as

23 aug 2009 - 12:45

By de fytstocht sneon lâns it trasee fan de sintrale as wiene de dielnimmers unanym lilk oer de plannen fan de provinsje om in fjouwerbaansdyk tusken Nyegea en Dokkum oan te lizzen.

Der wie ek ûnbegryp oer de reden fan de oanlis fan de dyk, no't der in better en goedkeaper alternatyf is. Sneon organisearren twa stiftings in fytstocht om minsken ynformaasje te jaan oer de konskwinsjes fan in fjouwerbaansdyk. Der diene mear as hûndert fytsers mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)