Fytstocht foar handikapte bern

02 apr 2006 - 14:08

Wethâlder Scheweer fan It Hearrenfean is útnoege om 8 april mei te dwaan oan in fytstocht foar handikapte bern. It bedriuw Dove (Sânhuzen) is organisator. Se meitsje tandems dêr't âlden en handikapte bern tegearre op fytse kinne.

It like Marcel de Boer fan it bedriuw aardich om de wethâlder út te noegjen, om't der opskuor west hat oer in wegere fyts foar in blyn jonkje. De wethâlder hat wite litten net mei te dwaan om't De Boer in kommersjeel belang hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)