Fytster yn Minnertsgea skept

28 aug 2013 - 16:48
  • Ungelok fytster Minnertsgea

In 21-jierrige hurdfytster út Utert is woansdeitemiddei slim ferwûne rekke op de Langedyk by Minnertsgea. De frou waard by it krúspunt mei de Hearewei skept troch in 71-jierrige automobilist út it Dútske Duisburg. It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it UMCG yn Grins. Oer de oarsaak fan it ûngelok kin de plysje noch neat sizze. It krúspunt is wer frijjûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)